de tiid ferstrykt
wurdt dat noch wat myn reis nei sina ta
gelokkich ha ik it sicht op wylgen
ik ha juster in dei ütlutsen om
nei myn freon ta tiid dy't goed bestege
is en dochs hie ik it lang ütsteld ik
doch it iene dêrom kin it oare
net dizze dei is al wer heal om it
fijocht my oan en dat wylst ik om't ik gjin
tiid fergrieme woe my net skeard en ek
de öfwask noch net dien ha ik ha it
gefoel dat ik de hiele middei nei
büten sjen wol ik stean al in kertier
foar it rut tink ik wol op in stoomboat
de swarte see befarre dei en jün
binne al wer om ik hoopje lykwols
noch in protte te dwaan ik wurd gewoan
sljocht om't ik kieze moat ha ik keazen
om myn tiid hjir oan te besteegjen om't
ik der net ta komme kin om op bêd
no't ik omfal fan 'e sliep ütteld bin