roazen ik keapje alle wiken roazen foar myn frou se set se yn in faas de roazen yn 'e oare faas dy't de kopkes hingje litte roazen dy't ferwile binne knipt se óf roazen fan 'e stale skaat kinne net samar fuortdien wurde se komme op in skaal te lizzen yn in faas stean se te pronkjen mar sa droech en ferblikke binne roazen noch prachtich wy halde dan pas echt fan har sa stean yn it hüs ferspraat twa grutte en trije lytse skalen fol mei droege roazen as se fol binne leget myn frou mei pine yn 't hert de skaal dy't it earst fol wie en alle kearen tinke wy in skaal derby nee der binne grinzen

Tijdschriftenbank Zeeland

Ballustrada | 2005 | | pagina 26