O wêrom B. weiwaard is oant hjoed foar stedslju noch altiten in mystearje, want as der ien lokkich wêze koe, moast hy it dochs wêze: al dy glêde plaatsjes yn Landleven of Buiten, hy libbe se! alle dagen hearlik ien mei de natuer! hold er net fan syn hynders? hie syn melkfee net in namme? wêrom B. weiwaard wol oant hjoed it doarp gjin weet fan ha: wa't oer it string stapt g fait yn swijen, (Q de twang fan waar en tiid E stjoert elk dy't ta it lanfolk heart, siedzjen komt foar rispjen Qf en ek op snein rinne de jaren fol. (O (faaks wennet er yn in petgat no, Q) poatlead yn 'e knust ^3 wachtsjend 3» op in Thom Mercuur) <0 QQ PM PM

Tijdschriftenbank Zeeland

Ballustrada | 2005 | | pagina 22